Essent-finale: De Vries fjirde

© Omrop Fryslân
De finalerace oer 150 ronden fan de KNSB/Essent-maraton is sneon wûn troch Kurt Wubben. Twad waard Yoeri Lissenberg en tred Henk Angenent. Bêste Fries wie Jeroen de Vries út Sint Nyk. Hy waard fyfde.
Yn it einklassemint is Jan Maarten Heideman einige as earste mei 367,4 punten. Twad waard Landman, tred Rozendaal. Jeroen de Vries einige as fjirde. By de froulju stiet Daniëlle Bekkering boppe-oan yn it einklassemint.