Streektaalkonsert slacht oan

13 mrt 2005 - 14:46

It streektaalkonsert fan it Noard Nederlânsk Orkest mei popmuzikanten slacht oan by it publyk. Dat die freed bliken by it optreden yn De Lawei yn Drachten. De kommende wiken giet de streektaaltoer noch troch.

Freed waard it konsert iepene mei it Frysk folksliet. Dêrnei kamen sjongers út Grins, Drinte en Fryslân oan bar, lykas Erwin de Vries, Daniël Lohues en Piter Wilkens. It entûsjasme is grut, al moat de gearwurking noch al wenne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)