Ljouwert komt mei jongerewebside

© Omrop Fryslân
De jongerewebside www.jonglwd.nl is sûnt sneon yn de loft. De webside is bedoeld foar Ljouwerter jongeren fan 12 oant 18 jier. Dy kinne no alle soarten ynformaasje fine op ien plak, fan frijwilligerswurk oant in útgeansaginda.
De start fan de webside waard fierd mei in graffitiwedstryd by de Waach yn Ljouwert. Fjouwer teams besochten dêr har moaiste 'piece' del te setten. De winner mei de boppebalke fan de webside útfiere yn graffiti.