Bus mei skoalbern kantele

© Omrop Fryslân
In bus mei 48 skoalbern fan kristlike skoalmienskip Liudger yn Drachten is freedtejûn op de A6 tusken Emmeloord en De Lemmer by Bant kantele. Fjouwer ynsittenden binne dêrby ferwûne rekke.
De havo-learlingen wiene ûnderweis werom nei Drachten. Se wiene krekt op skoalreis west nei Londen. Ien fan de ferwûnen is in learkrêft en ek de sjauffeur soe ferwûne rekke wêze. Hoe't de bus fan de dyk rekke is, is net bekend.