'Ien kommisje foar beswieren'

© Omrop Fryslân
Der moat ien beswierskriftekommisje komme yn Smellingerlân, dy't sawol beswieren tsjin kolleezjebesluten as riedsbesluten behannelet. Dat skriuwt de kommisje beropsskriften yn in advys oan de gemeenteried.
Der binne no noch twa aparte kommisjes en beswiermeitsjen wurdt dêrtroch ekstra yngewikkeld. Yn de nije kommisje soene neist riedsleden en ûnôfhinklike minsken sitte moatte. De gemeenteried jout tiisdei oer in wike in advys.