Keamerfragen oer Dales

© Omrop Fryslân
De PvdA yn de Twadde Keamer wol witte oft boargemaster Dales fan Ljouwert offisjeel noch wol yn Amsterdam wenje mei. Keamerlid Tichelaar hat dêr fragen oer steld oan minister Remkes.
Boargemaster Dales stiet noch ynskreaun yn Amsterdam, om't syn hûs dêr noch net ferkocht is. By útskriuwen kin er de hypoteekrente net mear fan 'e belesting ôflûke. De gemeente Ljouwert betellet syn hier hjir. Dy termyn is krekt mei in healjier ferlingd.