Belsintrum ferhuzet en groeit

© Omrop Fryslân
Yn it eardere gebou fan 'e GGD Fryslân oan de Lange Merkstrjitte yn Ljouwert komt in belsintrum fan BSC Customer Service mei 240 wurkplakken. It personiel moat fragen beantwurdzje foar enerzjybedriuw Essent.
BSC slút de festiging oan de Troelstrawei yn Ljouwert. De 120 meiwurkers dêr ferhúzje nei it nije ûnderkommen. Op 1 april giet it nije belsintrum los. Dan begjint ek de werving foar nije meiwurkers.