Kearndoelen Frysk net omleech

© Omrop Fryslân
De kearndoelen foar it fak Frysk op de basisskoalle geane net omleech. De politike partijen yn 'e Fryske steaten kreaken tongersdei it foarstel fan DS om de kearndoelen foar it Frysk te ferleegjen. Allinnich de VVD stipe it foarstel. "Je moatte de klok net werom sette", sei Benedictus fan it CDA.
Neffens Van de Bles fan Grien Links mist it foarstel fan deputearre steaten 'analyzje, fisy, ambysje en finansjele ûnderbouwing'.