Grutte skeelerbaan yn Ferwert

© Omrop Fryslân
Ferwert krijt nei alle gedachten in offisjele wedstriidbaan om te skeelerjen. Dêrmei giet in winsk fan de Ferwerter iisclub yn ferfolling. De baan sil ûnderdiel wêze fan de saneamde 'Sportontmoetingsplaats'.
De gemeenteried nimt oare moanne in definityf beslút oer de lingte en it plak fan de baan. De baan is tusken de 333 en 400 meter lang. As alles trochgiet, sett de bou fan it projekt begjin 2006 út ein.