Selsportret Bregman yn Belvédère

© Omrop Fryslân
Museum Belvédère op it Hearrenfean hat in selsportret krigen fan skilder Boele Bregman út 1959. It museum hat it portret yn brûklien krigen fan de Van Heloma-stifting.
Yn it museum hingje ferskate skilderijen fan de keunstner Boele Bregman. De Van Heloma-stifting joech ek noch in Schimmel-piano oan museum Belvédère. Dy is bedoeld foar in stikje muzyk yn it kafee fan it museum.