Belang fan ynternetbankieren

© Omrop Fryslân
Klanten fan De Friesland Bank moatte tenei ek ynternetbankiere kinne. Dat seit Willem Cramer, de nije foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan de bank. Hy folget ein april Age Offringa op.
Cramer hechtet in soad wearde oan de bining fan de Friesland Bank mei de regio. Hy wol dêrom de tsjinstferliening oan partikulieren op itselde nivo bringe as dy fan oare gruttere banken. Dêr falt ek it ynternetbankieren ûnder.