Geert Mak tsjin wentebou Jorwert

© Omrop Fryslân
Skriuwer Geert Mak hat yn in brief oan de gemeente Littenseradiel en de wenningstifting Welkom syn soargen útsprutsen oer bouplannen yn Jorwert.
It giet om de bou fan fjouwer wenten oan de Jaenbuorren. Dy moatte yn't plak komme fan de âldereinhûskes dêr. De gemeente moat fan de bou ôfsjen fynt de skriuwer fan it boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd'. Mak fynt dat de omfang fan de nije wenten en de hichte dêrfan botse mei de oare bebouwing yn't doarp.