Drachtster stoart letter saneard

© Omrop Fryslân
De sanearing fan it stoart yn Drachten begjint letter as earder pland. Troch it winterwaar fan de lêste tiid kin it skjinmeitsjen pas op 21 maart útein sette. Der wurdt dan begûn mei it oanlizzen fan in ûnderlaach, dêr't letter in lûdswal op oanlein wurdt. It wurk hie einst al los wêze moatten.
De gemeente hat tongersdei op it stoart oan it oefenjen west. Smellingerlân wol der klear foar wêze, mocht der by de sanearing wat mis gean.