Deining is tema Oerolfestival

© Omrop Fryslân
It Oerolfestival op Skylge hat dit jier as tema: Eindeloze deining. Dat tema is keazen om't de festivalorganisaasje in drege en swiere perioade hân hat. It wie lange tiid ûnwis at it festival wol trochgean koe.
Haadsponsor de Nederlandse Aardoliemaatschappij stelt dit jier 2,5 miljoen euro beskikber. Dêrtroch kin it festival sa'n 50 foarstellings op it programma sette. It festival fynt plak fan 10 oant en mei 19 juny.