Leechstân sintrum Dokkum driget
Der driget in soad leechstân yn it sintrum fan Dokkum, as de provinsje tefolle rûmte jout foar de ûntwikkeling fan grutskalige detailhannel. Dêr warskôget boargemaster Roel Cazemier fan de gemeente Dongeradiel foar.
Op dit stuit hat allinnich Ljouwert tastimming fan de provinje foar grutskalige detailhannel bûten it sintrum fan de stêd. Troch nij Ryksbelied mei dat aanst ek op oare plakken. Cazemier fielt dêr net foar.