Cambuur lûkt oan Weerman

11 mrt 2005 - 00:00

Veendam-spits Paul Weerman stiet yn de belangstelling fan SC Cambuur. De nije trainer Roy Wesseling hat in petear mei Weerman hân. Him is noch net in konkrete oanbieding dien. Weerman is 28 jier en hat spile foar Emmen en Veendam. Oant no ta hat er dit seizoen fjouwer goals makke.

Cambuur spilet freedtejûn út tsjin Zwolle. Dizze wedstriid is de lêste dy't meitelt foar de tredde perioade en moat sadwaande wûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)