Driesum krijt in iisbaan

© Omrop Fryslân
Yn Driesum binne plannen foar de oanlis fan in iisbaan. Fuotbalklub VIOD hat op dit stuit ien fuotbalfjild en krijt der mei yngong fan it nije seizoen in twadde fjild by. Tegearre mei doarpsbelang is it idee opkaam om in sleat te graven om it nije fjild hinne.
Simmerdeis kin it wetter brûkt wurde foar it besproeien fan de fuotbalfjilden. As it yn de winter kâld genôch is feroaret de sleat yn in wiere iisbaan.