Direksje NHL op kursus

10 mrt 2005 - 17:12

It personeel fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, de NHL, is ûntefreden oer de direksje. Dêrneist fine se dat it nivo fan it kolleezje fan bestjoer better moat. Dat docht bliken út in ûndersyk dat hâlden is ûnder it folsleine NHL-personiel.

It kolleezje lûkt him de krityk oan. Neist dat se in ferbetterplan makke ha krijt de folsleine direksje ynkoarten in kursus liedingjaan. De meiwurkers binne wol tefreden oer har wurkynhâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)