Grinskorreksje Skiermûntseach

10 mrt 2005 - 17:07

Provinsjale Steaten fan Fryslân en Grinslân moatte mar oer Skiermûntseach beslute. Dat fine Deputearre Steaten fan Fryslân. It eilân is safier nei it easten opskood dat de útein no ûnder de gemeente Eemsmond falt. Dêrmei leit it stikje Skiermûntseach ek net mear yn Fryslân, mar yn Grinslân.

As it ta in grinskorreksje komt, rinne Grinslân en Eemsmond jild mis. Fryslân en Skiermûntseach wolle wol jild op it kleed lizze foar de grinskorreksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)