Miljoeneskea by Friesland Foods

10 mrt 2005 - 17:04

De brân by Friesland Foods yn Ljouwert hat foar 10 oant 15 miljoen euro skea feroarsake oan masjines. Dat hat de direksje fan it fabryk bekend makke. By de brân is ûnder oare it senuwsintrum fan de masjines rekke. Neist de skea oan de masjines is der ek skea troch it stillizzen fan de produksje.

Troch de brân kinne der gjin blikjes makke wurde, dy wurde no ynkocht yn Deventer. Friesland Foods ferwachtet nije wike sels wer blikjes te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)