Veerman jout flaters ta

© Omrop Fryslân
Der binne flaters makke by de ynbeslachname fan fee yn Jorwert begjin dit jier. Dat is op te meitsjen út in brief dy't minister Veerman fan lânbou stjoerd hat nei de PvdA en it CDA.
Dy partijen hiene fragen steld oer it optreden fan de bistebeskerming by in pleats yn Jorwert. Der waarden doe 150 kij yn beslach nommen. De saak eskalearde doe't de eigner harsels yn de brân stekke woe. De minister skriuwt dat de plysje te let om help frege is.