Problemen Toeristysk Platfoarm

10 mrt 2005 - 15:23

It Toeristysk Platfoarm Noardwest Fryslân driget te ferdwinen trochdat de gemeentlike jildkraan mooglik ticht giet. Fjouwer fan de seis gemeenten dy't meidogge yn it platfoarm oerwaagje de subsydzje stop te setten. It giet om Frjentsjerteradiel, Harns, Wûnseradiel en Littenseradiel.

De gemeenten Boalsert en it Bilt betelje ek mei oan it platfoarm. It Bilt sil ek gjin jild mear jaan oan it platfoarm as de oaren der mei ophâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)