Wurk oan spoar Ljouwert-Meppel

10 mrt 2005 - 15:22

Sân kilometer spoar tusken Akkrum en it Hearrenfean moat de kommende tiid ferfong wurde. It spoar is ôfskreaun, omdat it al mear as tweintich jier âld is. Ek wurdt op it trajekt in diel fan it grint ferfong en wurdt de oerwei yn de Feansterdyk yn Akkrum fernijd.

It wurk wurdt benammen nachts útfierd. Op in oantal dagen wurdt ek jûns wurke, yn dat gefal sil it treinferkear der lêst fan ha. De oannimmer set nije wike moandei mei it wurk útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)