Ids Postma nimt ôfskie yn Thialf

09 mrt 2005 - 23:10

Reedrider Ids Postma fan Dearsum naam tiisdei ôfskie fan syn karrière yn in heal útferkocht Thialf-stadion op It Hearrenfean. Dêr waard it iisgala hâlden fanwege it 150-jierrich bestean fan de Keninklike IIsferiening Thialf. Ids Postma waard dêr huldige.

Fierder wiene der spultsjes op redens, muzyk fan Boney M. en George Baker en âld-kampioenen dy't rûntsjes riden yn smokings en nightdress, lykas Hilbert van der Duim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)