'Groepsferbod Damwâld wurket'

09 mrt 2005 - 23:06

It groepsferbod yn Damwâld hat goed wurke, fine b en w fan Dantumadiel. Op trije plakken yn Damwâld mochten groepen jongerein fan 17 desimber oant en mei 31 jannewaris net mear byinoar stean. De oerlêst yn it doarp is no foarby en dat wylst der gjinien in bon krigen hat. Alden binne ek oansprutsen op it gedrach fan harren bern.

It ferbod kin op 'e nij ynfierd wurde as der oanlieding ta is. Op dit stuit is dat net it gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)