Nij distribúsjesintrum 't Fean

09 mrt 2005 - 16:53

Op It Hearrenfean komt in nij distribúsjesintrum foar printers. Zebra Technologies festiget him dêr. Fan dêr gean de printers Europa, Afrika en it Midden-Easten yn. It bedriuw levert printers dy't streepkeskoades en labels ôfdrukke. Klanten kinne tenei rapper betsjinne wurde as no út Ingelân wei.

De festiging yn Ingelân bliuwt wol bestean, mar krijt in stypjende rol. De nije festiging op It Hearrenfean smyt 36 arbeidsplakken op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)