Kanorûte fan Ljouwert nei Grou

09 mrt 2005 - 15:44

Kano's en roeiboatsjes kinne aansen fan Ljouwert oer Goutum en Wurdum yn Grou komme. De gemeenten Ljouwert en Boarnsterhim hawwe dêr in ôfspraak oer makke. De nije farrûte moat takom jier klear wêze. Dêrfoar moatte fjouwer knyppunten oanpakt wurde. It giet dan om in dûker yn de Wergeasterdyk en in fytsbrêge by Hekkemiedeset. Dy moat ferhege wurde. Twa oare brêgen moatte ek ferfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)