Nêstbydrage greidefûgels omheech

09 mrt 2005 - 15:38

De fergoeding foar beskerming fan greidefûgels giet omheech fan 40 nei 60 euro it nêst. It jild is bedoeld foar de skries en de tsjirk. De provinsje hat de subsydzje ferline jier ynsteld. Ut Brussel wei is der ek grien ljocht foar kommen.

Boeren moatte wol op syn minst fiif nêsten fan de skries of de tsjirk op it lân hawwe. Oant 15 juny kinne oanfragen yntsjinne wurde by it Stipepunt Natuer- en Lânskipsbehear yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)