Tal banen rint minder werom

© Omrop Fryslân
It tal banen yn Fryslân is ferline jier minder weromrûn as yn 2003. Yn dat jier ferlear ús provinsje 1.000 wurkplakken, ferline jier wiene dat der 400. Benammen yn de soarch, de saaklike tsjinstferliening en it ûnderwiis giet it wer better. De lânbou en yndustry hawwe it noch hieltyd dreech.
De ferbettering is benammen te sjen yn gemeenten as Harns, Nijefurd en it Bilt. Yn Dantumadiel en Achtkarspelen giet de ferbettering minder hurd.