Grut feest op 5 maaie

09 mrt 2005 - 15:03

It befrijdingsfestival wurdt dit jier grut fierd yn Ljouwert. Dit jier is it sechtich jier lyn dat der foar Nederlân in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Boppedat falt 5 maaie op Himelfeartsdei de dei fan de blomkemerk.

Der wurdt in rekordtal minsken yn de stêd ferwachte. It iepenbier ferfier yn de stêd is dan fergees. Mooglik jildt dat ek foar guon streekbussen nei Ljouwert. De gemeente hat noch oerlis mei de provinsje dêroer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)