Oppakt fanwege weed yn de auto

09 mrt 2005 - 15:03

Op in parkearplak oan de Dreef op It Hearrenfean binne tiisdei twa ynwenners fan Wolvegea oanhâlden. Se hiene trettjin pûdsjes weed yn de auto. In sterke weedlucht makke de plysje dêrop attint.

De bestjoerder hie ien pûdsje op syn stoel te lizzen. Fierderop yn de auto leine noch tolve oare pûdsjes. De 19-jierrige man en de 18-jierrige frou binne nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)