'Argyf Kadaster moat bliuwe'

© Omrop Fryslân
It histoarysk argyf fan it Kadaster moat foar Fryslân behâlden bliuwe. Dat seit steatelid Pytsje de Graaf fan de FNP. Neffens har hat it argyf in wichtige publyksfunksje dy't by in ferhuzing fan Ljouwert nei Grins net ferlern gean mei.
Boppedat fynt de FNP dat it Frysk erfguod bewarre wurde moat. Sa soe der dan in kadaster-loket komme kinne by Tresoar. Neffens De Graaf soe de provinsje him dêrfoar ynsette moatte.