Gemaal wurket teiwetter fuort

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat it Hoogland- gemaal by Starum oanset om it teiwetter fuort te wurkjen. Yn trochsneed is de ôfrûne wike sa'n tritich sintimeter snie fallen yn de provinsje.
Troch de hegere temperatueren ferdwynt dy snie op it stuit as de sprekwurdlike snie foar de sinne. Dat smyt in soad ekstra wetter op. It wetterskip ferwachtet net dat dat in soad problemen opsmyt. De kapasiteit fan it gemaal is wat dat oangiet grut genôch.