Kâns op Escher-fiver grutter

© Omrop Fryslân
De kâns dat Ljouwert in monumint foar grafikus Escher krijt, wurdt grutter. De Partij van de Arbeid stiet efter it plan fan PAL/Grien Links. Dy partijen wolle dat by de Aldehou in fiver oanlein wurdt yn Escherstyl.
Neffens de VVD yn Ljouwert wurdt it oanlizzen fan de fiver dreech. De stifting dy't it neilittenskip fan de Ljouwert grafikus beheart, stiet neffens de partij it kopiearjen fan Escher-wurken net ta.