Yllegaal stoarten fan ôffal

© Omrop Fryslân
Der wurdt hieltyd mear hússmoargens yllegaal stoart op parkearplakken en carpoolplakken yn de provinsje. It giet benammen om plakken by de sneldiken.
Rykswettersteat tinkt dat it komt troch it nije systeem foar it opheljen fan hússmoargens. Yn in tal gemeenten moat no foar de hússmoargens betelle wurde. Rykswettersteat sil oerlizze mei de belutsen gemeenten en mei de plysje oer hoe't se it yllegale stoarten foarkomme kinne.