Frisia Sâlt fiert produksje op

08 mrt 2005 - 15:27

Frisia yn Harns kin oer twa jier mear sâlt leverje sûnder dat dêrfoar mear pikel út de grûn helle hoecht te wurden. Dat komt omdat it fabryk takom jier foar fiif miljoen euro ferbettere wurdt. Dêrtroch kin effisjinter omgong wurde mei de grûnstoffen.

It fabryk yn Harns is ien fan de meast moderne sâltfabriken fan Europa. Frisia hat plannen om it fabryk yn 2008 út te wreidzjen. Dat sil nei alle gedachten net mear banen opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)