'IIsklubs oanslute by bûn'

© Omrop Fryslân
De ledewerfaksje fan it Bûn fan Fryske IIsklubs hat tsientallen reaksjes opsmiten. Foarsitter Wesselius fan it Bûn is dêr bliid mei.
Mear as hûndert iisklubs binne net oansluten by it bûn. Se binne frege om lid te wurden. Guon klubs hawwe fragen oer de oanspraaklikens by it organisearjen fan tochten of oare eveneminten. By de KNSB oansluten klubs binne hjir goed foar fersekere en de oaren net.