Fergees parkeare yn Warkum?

© Omrop Fryslân
Ein dizze moanne moat dúdlik wêze oft fan 't simmer fergees parkeard wurde kin yn it sintrum fan Warkum. Wylst hast alle gemeenten yn Nederlân de tariven ferheegje, is wethâlder Smit fan Nijefurd dwaande mei it tsjinoerstelde. Alteast, as de gemeenteried akkoart giet.
Smit is noch dwaande syn plannen by te stellen nei krityk fan in gemeentlike kommisje. Dy wol krekt hegere ynkomsten út it parkearen.