Sparta kin claim ferjitte
Fuotbalbûn KNVB giet net yn op de skeaclaim fan Sparta. Sparta spile ferline wike freed tsjin Cambuur, yn Ljouwert. De klub makke ekstra kosten om't it fanwege it waar net mooglik wie om nei de wedstryd werom te reizgjen nei Rotterdam.
De kosten foar it hotel en de spilersbus woe Sparta op de KNVB ferhelje. Neffens de KNVB hat it bûn dêr lykwols neat mei te krijen.