Oanlis NW-tangint op skema

De oanlis fan it Noardwest-tangint om Ljouwert hinne leit wer hielendal op skema. It wurk oan de nije dyk tusken Stiens en Marsum waard fanwege de strange winter trije wike stillein, mar de efterstân is no al wer fuortwurke. It Noardwest-tangint bestiet út seis kilometer dyk mei deryn trije tunnels en in hânfol rotondes. De dyk moat noch foar de boufak 2013 oplevere wurde. Automobilisten dy't fan Harns rjochting Dokkum moatte of fan Dokkum nei It Hearrenfean, hoege dan net mear troch Ljouwert.