Algra skeakelt rjochter yn

© Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Rendert Algra fan it CDA daacht de gemeente Hearrenfean foar de rjochter. Algra moat in mobyl kantoar sa gau mooglik fan syn hiem helje, omdat it dêr yllegaal stiet. De gemeente hat Algra dêroer skriftlik ynformearre.
De gemeente Hearrenfean driget mei in twangsom fan 1000 euro yn de wike, salang't it mobile kantoar der stean bliuwt. Algra wol de kwestje útfjochtsje foar de rjochter.