Noed oer takomst hynstestamboek

© Omrop Fryslân
Fokferienings wolle sa gau mooglik in bûtengewoane algemiene ledegearkomste fan it Frysk Hynstestamboek. Der stiet pas ein april in gearkomste pland. De bestjoersleden fan de fokklubs binne ûngerêst oer it fuortbestean fan it stamboek. Fan de sân bestjoersleden is noch mar ien oer.
De fokferienings fine dat der gau in duorsume oplossing komme moat foar de bestjoersproblemen by it hynstestamboek.