Ophokregel foar postdowen

08 mrt 2005 - 10:45

Postdowehâlders yn Fryslân, Grinslân en Drinte moatte har dowen oerdeis yn it hok hâlde. Fan moandei oant en mei freed, tusken njoggen en fjouwer oere meie jagers op dowen sjitte. De regeling jildt oant 27 maaie. De ophokregeling moat foarkomme dat dowen skea oan it gewaaks tabringe. Jagers meie dan houtdowen en ferwyldere dowen ôfsjitte.

Yn de simmer jildt de regeling fan 27 juny oant 26 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)