Skilderijen Herman Brood stellen

08 mrt 2005 - 10:44

Op It Hearrenfean binne yn de nacht fan freed op sneon fjouwer skilderijen fan Herman Brood stellen. Se hawwe in wearde fan 20.000 euro en wiene útstald yn it Hajé Hotel. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

It hotel toant al moannen moderne keunst foar in galery út Maastricht. De plysje hat alle personielsleden ûnderfrege oer de stellerij en de bylden fan de befeiligingskamera yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)