Kealtsje Skier weromfûn

08 mrt 2005 - 10:42

It kealtsje dat goed fjouwer moannen op Skiermûntseach omswalke hat, is sneon fongen. It bist wie ein oktober mei de memmeko ûntkommen. De ko waard fongen, nei in syktocht mei in helikopter. It keal naaide út en ferstoppe him yn it moeras. Sykaksjes smieten neat op.

Langlaufers ûntdutsen sneon spoaren yn de snie. Nei sa'n oardel oere koe it kealtsje fongen wurde. It liket of hat it bist neat oerhâlden oan syn aventuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)