Webside foar kompliminten soarch

08 mrt 2005 - 10:39

Personiel fan soarchgroep Plantein op De Jouwer hat in kompliminte-webside iepene. De meiwurkers wolle dat de ferpleechhûssoarch sa wat positiver yn it nijs komt.

De ôfrûne tiid wie der in soad te dwaan om dizze soarch. Troch in oanhâldende stream klachten iepene de ynspeksje foar de sûnenssoarch in nûmer dêr't anonym klage wurde kin oer misstannen. De webside meldpunt-zorg.nl moat in oar lûd hearre litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)