Cambuur moat ferwar skriuwe

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur fan Ljouwert krijt fjirtjin dagen de tiid om in ferwar te skriuwen oer de ûngeregeldheden by de wedstryd Cambuur-Sparta Rotterdam. Dat seit de tuchtkommisje fan it bûn KNVB.
Cambuur moat de tuchtkommisje dúdlik meitsje oft der foar de wedstryd maatregels nommen binne om oerlêst mei it publyk foar te kommen. Ek moat de klub dúdlik meitsje oft der al sanksjes nommen binne tsjin de supporters dy't snieballen goaiden nei de Sparta-keeper.