Flyers yn finale play-offs
IIshockeyklub Vadeko Flyers fan it Hearrenfean hat sneon de finale fan de play-offs berikt. De Flyers wiene yn it eigen stadion mei 4-2 te sterk foar Geleen. Se kamen mei de oerwinning op in beslissende 3-1 foarsprong yn de 'best of five', sadat de lêste wedstriid yn Geleen net mear nedich is.
Yn de finale treffe de Feansters Amsterdam, dy't yn de oare heale finale Tilburch fersloech.