Barbara de Loor wint 1000 meter

07 mrt 2005 - 15:12

Barbara de Loor hat by de WK ôfstânnen yn Inzell de 1000 meter wûn. De rydster (30) fan It Hearrenfean waard ferrassend earste foar de Dútse Anni Friesinger. De Loor hie in foarsprong fan 0.22 sekonden. Dêrmei rekkenet se ôf mei de reputaasje fan de ieuwige fjirde.

Marianne Timmer waard tredde. De sprintster bleau de favoriten Cindy Klassen, Jennifer Rodriguez en Chiara Simionato foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)