Plan foar wurk en wolwêzen

© Omrop Fryslân
Yn Heech wurdt moandei in plan presintearre om de ekonomy en it wolwêzen yn Súdwest-Fryslân te ferbetterjen. It plan is opsteld troch de Keamer fan Keaphannel en Plattelânsprojekten Súdwest-Fryslân.
Der stiet bygelyks yn wat nedich is om mear wurkgelegenheid te krijen. Ek is yn kaart brocht wat ferbettere wurde kin oan ûnderwiis en soarch, om de regio mear op de kaart te setten. Yn it plan steane ferskate praktyske tips.